Overslaan en ga direct naar de inhoud Direct naar de footer

Kursusaanbod

Frysk skriuwen: mear fertrouwen, mear mooglikheden!

Wolle jo as learkrêft better wurde yn it Frysk skriuwen? Miskien fine jo it no noch dreech, mar mei dizze kursus krije jo it skriuwen sa yn ‘e fingers! Jo kinne Frysk al prate en ferstean, no is it tiid om it ek mei fertrouwen te skriuwen.

Yn in praktyske en tagonklike kursus leare jo stap foar stap hoe’t jo Fryske teksten skriuwe kinne. Mei help fan in dúdlik lesboek, in digitale learomjouwing en groepslessen fan betûfte dosinten, sille jo sjen dat it Frysk skriuwen hielendal net sa yngewikkeld is.

Dizze kursus is foar elkenien dy’t har Fryske taalfeardigens fersterkje wol. Brûk it yn it ûnderwiis, yn kontakt mei âlden of gewoan foar josels!

Foardielen fan de kursus

✔ Leare yn eigen tempo en yn in stipejende groep
✔ Fanút de praktyk: fuortendaliks tapasber yn it deistich wurk
✔ Mear fertrouwen yn it skriuwen fan Frysk

Doch mei en ûntdek hoe moai en tagonklik it Frysk skriuwen is!

Kursussen

De basiskursus bestiet út 11 lessen. Der is in wurkboek en in digitale learomjouwing. Do kinst kieze foar in groepskursus of in selsstudzje. Klik hjir foar mear ynforaasje: https://kursus.afuk.frl/particulier/skriuwen/basis

De ferfolchkrusus bestiet út 10 lessen. Der is in wurkboek en in digitale learomjouwing. Do kinst kieze foar in groepskursus of in selsstudzje.Klik hjir foar mear ynforaasje:  https://kursus.afuk.frl/particulier/skriuwen/ferfolch

Eksamen
Nei it folgjen fan de (basis- en) ferfolchkursus Frysk skriuwen kinne jo meidwaan oan it basiseksamen Frysk Skriuwen, it Fryslân A-eksamen

Dielnimme oan it eksamen is net ferplichte. It eksamen wurdt hâlden yn Ljouwert

Oanmelde

Wolst as KyK'er gebrûk meitsje fan dit oanbod? Meld dy dan oan troch in mail te stjoeren nei Mare mei dyn folsleine namme en de KyK-skoalle dêr’tst wurkst: mare.leegte@kykscholen.nl 

Dêrnei krijst fierdere ynformaasje tastjoerd.

Tink derom: meld dy net oan fia de webside fan Afûk. As’st dy oanmeldst fia KyK, kinst de kursussen fergees folgje.